Gemeente ferklearret bouplannen

30 apr 2005 - 15:16

De gemeente Ljouwert hat de bewenners fan Suderbuorren, Himpens-Tearns en Goutum freed op de hichte brocht fan de bouplannen yn Suderbuorren. Dêr moatte mear huzen bykomme.

By it ûntwikkeljen fan de wyk binne finansjele tekoarten ûntstien. Dy moatte oplost wurde mei de bou fan mear huzen. In soad wykbewenners binne it dêr net mei iens. De gemeente leit no yn in hûs-oan-hûs besoarge berjocht út dat it net oars kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)