Gemeente fergoedet gersskea

08 aug 2013 - 21:04
  • It kuorbalfjild hat bot te lijen hân fan de Samenloop voor Hoop
  • Swarte plakken op it kuorbalfjild yn Surhusterfean

De gemeente Achtkarspelen sil de skea oan it kuorbalfjild yn Surhústerfean fergoedzje. Mar leafst 800 minsken rûnen yn juny 'De Samenloop voor Hoop' op it sportfjild om jild yn te sammeljen foar KWF kankerbestriding. De aksje smiet in bedrach fan goed 74.000 euro op.

It minne waar en it grutte tal dielnimmers soargen lykwols foar grutte skea oan it gers op it sportfjild. De totale kosten waarden rûsd op 4,5 tûzen euro. Sneu jild, wylst it doel sa goed wie. Sadwaande dat de gemeente Achtkarspelen it beslút naam hat om de beurs te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)