Gemeente ek jûns berikber

09 feb 2011 - 21:51

De tiid dat minsken jûns net mear by de gemeente telâne koene is yn de gemeente Súdwest-Fryslân foar in part foarby. De gemeentlike doarps- en wykkoördinatoaren binne tenei ek op jûntiid te berikken. De gemeente hopet dat hjirmei de ôfstân tusken de gemeente en har ynwenners lytser wurdt.

De koördinatoaren binne benammen dwaande mei de kommunikaasje tusken bygelyks doarpsbelangen en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)