Gemeente DFM en radio Spannenburg moatte om de tafel

11 jan 2016 - 14:55

Radio Spannenburg en de gemeente De Fryske Marren krije fan de rjochter trije wike de tiid om it iens te wurden oer it subsydzjebedrach fan it radiostasjon. De omrop is nei de gemeentlike fúzje oanwiisd as lokale radiostjoerder yn de nije gemeente. De omrop krijt lykas foargeande jierren 14.000 euro sudsydzje, mar seit rjocht te hawwen op 25.000 euro om't it gebiet dêr't de omrop útstjoert grutter wurden is.

De gemeente wol earst in ûnôfhinklik ûndersyk ûnder de harkers dwaan om te sjen oft der genôch draachflak is foar it radiostasjon.

Dêrneist moat it stasjon mei in takomstfisy komme. As beide partijen der net binnen trije wike útkomme, sil de rjochter in útspraak dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)