Gemeente De Fryske Marren siket nije boargemaster

01 apr 2015 - 11:06
  • De Friese Meren

Yn de gemeente De Fryske Marren is úteinset mei de proseduere foar de beneaming fan in boargemaster. Sûnt 1 jannewaris 2014 is Arie Aalberts waarnimmend boargemaster fan dizze fúzjegemeente.

De fraksjefoarsitters yn de gemeenteried sille no dwaande mei it opstellen fan in profyl. Ynwenners, organisaasjes en ûndernimmers wurde belutsen by it opstellen dêrfan. De profylskets sil op 20 maaie oanbean wurde oan de kommissaris fan de Kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)