Gemeente Boalsert teloarsteld

21 nov 2003 - 00:00

De gemeente Boalsert is teloarsteld dat de 100 asylsikers yn de Parkflat net bliuwe meie oant febrewaris. Nei lang oerlis tusken gemeente en COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, meie de bewenners oant 1 jannewaris bliuwe.

De bewenners moatte foar 1 jannewaris ferhúzje. De gemeente woe graach in moanne ekstra sadat de asylsikers op in generaal pardon wachtsje koene. Yn de flat sitte benammen sike asylsikers en minsken dy't al hiel lang hjir binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)