Gemeente bliuwt ûnder kuratele

14 maaie 2004 - 00:00

Frentsjerteradiel is der net yn slagge de begrutting foar de kommende jierren slutend te krijen. De gemeente bliuwt dêrom foarearst ûnder kuratele fan de provinsje.

De gemeenteried is it wol iens wurden oer de besunigings op ferienings, kultuer en wolwêzen. Dêr wurdt fjouwer ton besunige yn fjouwer jier. Earder wie al besluten ta 8 ton besunigings. Dochs ferwachtet de gemeente in grut tekoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)