Gemeente betellet stopljochten

13 maaie 2004 - 00:00

Lemsterlân wol meibetelje oan de oanpassing fan trije stopljochten op De Lemmer, as dêrmei de bus foar it doarp behâlden bliuwt. De busljochten moatte gauwer op grien springe.

Busbedriuw Arriva woe de haltes op de rûte ferline jier skrasse om't it te folle tiid kostet. Dat gie doe net troch, mar de trage trochstreaming op de rûnwei is der noch altyd. De kosten fan 'e oanpassing wurde op 160.000 euro rûsd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)