Gemeente: "500 asylsikers tefolle foar Riis"

07 nov 2014 - 12:14
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

De gemeente De Fryske Marren fynt 500 asylsikers tefolle foar Riis. It kolleezje fan b. en w. hat krekt as doarpsbelang noed oer de komst fan safolle asylsikers, mar it is in saak fan it COA. Dat seit wethâlder Durksz, yn reaksje op it brief fan doarpsbelang. Hjiryn wurdt de gemeente beskuldige fan ûnbekwaamheid. Sa soe de kommunikaasje net doge en de gemeente soe te formeel wêze.

Wethâlder Durksz kin him net yn de opstelling fan doarpbelang fine, omdat de gemeente der neat oan dwaan kin.

It past yn it bestimmingsplan en der hat fan it begjin ôf kontakt west tusken de gemeente en it doarp. Wethâlder Durksz wrakselet mei dizze kwestje en sil takom wike opnij mei doarpsbelang om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)