Gemalen wurde fiskfreonliker

22 okt 2014 - 22:13
  • Iel

De gemalen fan Ropta by Roptasyl en Miedema by Swarte Haan wurde in stik fiskfreonliker. Fan kommende wike tongersdei ôf wurde de 40 jier âlde gemalen opknapt. In bedriuw út Hengelo hat útfûn hoe't it gemaal sa oanpast wurde kin dat fisk net mear fermeald wurdt by it pompen fan wetter nei de Waadsee.

Dy útfining wurdt no ynstallearre op beide gemalen. Sels in iel fan 80 sintimeter kin der troch hinne. De iel is ek ien fan de wichtichste fisksoarten dy't hjir mei holpen wurdt. Dy moat hinne en wer swimme kinne tusken swiet en sâlt wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)