Gemalen wetterskip bliuwe út

08 feb 2012 - 22:26
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

De poldergemalen fan Wetterskip Fryslân bliuwe foarearst noch út. Foar moandei 13 febrewaris wurdt it earste echte teiwaar foarsein. Dêr is dan oerlis oer mei it Frysk IIsbûn. Allinnich op plakken dêr't it teiwaar foar oerlêst soargje kin geane de gemalen oan.

Dat jildt benammen foar gebieten mei bebouwing en plakken dêr't feefoer opslein leit. Dêrneist is in grut part fan 'e gemalen beferzen. Dy moatte iisfrij makke wurde. De wetterstân op de Fryske boezem is stabyl en leech en jout op dit stuit genôch romte om wetter op te heinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)