Gemalen by Lauwersmar

16 apr 2005 - 14:35

Foar in goed wetterbehear yn en om de Lauwersmar is it needsaaklik om ien of twa nije gemalen te bouwen. Dy soene dan komme moatte by Lauwerseach en Dokkumer Nijesilen. Dat is alteast it foarstel dat de provinsjes en de wetterskippen yn Fryslân en Grinslân freed presintearren.

Der wurdt noch fierder ûndersocht hoe't der omgien wurde moat mei it wetter yn it Nasjonaal Park Lauwersmar. Dêrfoar binne der ferskate opsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)