Gemalen Grinslân wer oan

24 jan 2013 - 16:52

It Grinslanner Wetterskip Noorderzijlvest set takom snein de gemalen wer yn wurking. Dêrmei kin wetteroerlêst troch teiwaar foarkommen wurde. It Wetterskip Fryslân moat formeel noch in beslút nimme oer it wer opstarten fan gemalen.

Nei alle gedachten wurdt der freed in definityf beslút naam oer it wer yn wurking setten fan de gemalen, sa lit in wurdfierder oan Omrop Fryslân witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)