Gemaal Suwâld ferfongen

07 jun 2011 - 21:54

It gemaal by it Prinses Margrietkanaal by Suwâld wurdt ferfongen. It gemaal Alde Lune is 50 jier âld en sa min dat der wetter út it kanaal de polder yn streamt. Omdat renovaasje net út kin, wurdt der no nij boud.

Takom jier jannewaris set de nijbou útein. It wurk duorret maksimaal in jier. It gemaal hâldt in gebiet fan 1360 hektare westlik fan Suwâld droech. Fisk kin it gemaal feilich troch, omdat der in fiskfreonlik systeem ynboud wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)