Gemaal by Skoatterwâld

30 nov 2002 - 00:00

Nei lang praten is it gemaal by Skoatterwâld kommen. Al yn 1994 hienen de gemeente It Hearrenfean en wetterskip Boarn en Klif it der al oer hân en no is it safier. It nije gemaal moat soargje foar in goede wetterbehearsking yn de nije wyk en oare parten fan It Hearrenfean.

It gemaal kostet ien miljoen euro. De gemeente betellet 150.000 euro. In arsjitekt hat it gemaal ûntwurpen passend by de styl fan Skoatterwâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)