Gelykspul Jong Oranje

18 nov 2013 - 23:07
  • Lukas Bijker

Jong Oranje, mei Cambuurspilers Lucas Bijker en Jody Lukoki, hat yn de oefenynterlân tsjin Frankryk gelyk spile. De wedstryd yn Touluse einige yn 1-1. Direkt nei de rêst kaam Frankryk op foarsprong, mar in kertier letter makke Jong Oranje de lykmakker.

Lucas Bijker waard yn de 59e minút troch bûnscoach Albert Stuivenberg ynset as ferfanger fan Yassing Ayoub. Yn de 87e minút mocht Jody Lukoki it plak ynnimme fan Quincy Promes. Foar Lukoki wie it syn debút yn Jong Oranje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)