Gelykspul froulju Hearrenfean

12 okt 2012 - 21:56
  • Amateurfuotbal

It frouljusteam fan SC Hearrenfean spile freedtejûn ferrassend goed tsjin koprinner Twente. Foar de twadde kear dit seizoen koe Twente net winne. Op Sportpark Skoatterwâld hie thúsploech Hearrenfean de bêste kânsen, mar it slagge lykwols net dy te fersulverjen. Omdat ek Twente net oan skoaren takaam bleau it 0-0.

Benammen Mandy Mulder en keeper Roxanne van den Berg blonken út. Neffens trainer Jessica Torny foarseit de ynset fan freed wat foar de rest fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)