Gelykspul foar SC Hearrenfean

20 okt 2002 - 00:00

SC Hearrenfean koe it sneontejûn yn Enschede op it nipperke net winne fan FC Twente. De earste helte bleau it 0-0. It earste doelpunt foel pas yn 'e twadde helte en dat wie fan de Friezen.

FC Twente-ferdigener Heubach helle Selakovic del en der folge in strafskop, dêr't Nurmela út skoarde (0-1). Yn blessueretiid makke FC Twente dochs noch de gelykmakker (1-1).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)