Gelykspul foar Hearrenfean

02 feb 2003 - 00:00

Hearrenfean en NAC binne de twadde kompetysjehelte begûn mei in 1-1 gelykspul. Dy skoare wie al by de rêst berikt. Nurmela makke nei 23 minuten de earste goal foar Hearrenfean. Flak foar de rêst skoarde Feher de gelykmakker.

De Friezen wiene yn Breda de bettere ploech. Benammen foar de rêst hiene se de measte kânsen. Nuvergenôch sloech dat om nei it doelpunt fan Nurmela. Doe kaam NAC sterk werom. Dochs is trainer Foppe de Haan tefreden mei de útslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)