Gelyk spul Jong Hearrenfean

26 aug 2013 - 21:24

Jong Hearrenfean hat yn de tredde wedstriid fan de beloftekompetysje de earste punten ferspile. Yn en tsjin Jong Volendam kaam de ploech fan trainer Marco Roelofsen net fierder as 1-1. Jong Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid en dat smiet ek kânsen op.

Volendam, en dan benammen keeper Theo Timmermans út Garyp, woe gjin belies jaan. De thúsploech kaam yn de 18e minút troch Raoul Esseboom op foarsprong. Bilal Basacikoglu tekene yn it begjin fan de twadde helte foar de 1-1. De Belch Stefano Marzo makke syn debút foar Jong Hearrenfean.

Jukka Raitala en Yanic Wildschut spilen de hiele wedstriid by de Feansters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)