Gelyk spul Eindhoven-Cambuur

16 mrt 2012 - 21:54
  • SC Cambuur

De topper yn de Jupiler League tusken FC Eindhoven en SC Cambuur is einige yn 1-1. De beide doelpunten foelen yn it begjin fan de twadde helte. Bob Schepers sette de Ljouwerters mei in geweldich skot fan sa'n 25 meter op foarsprong. De 1-1 foel nei in oere en kaam fan Serhat Koç. Dyselde Koç hie dêrnei twa kear de winnende goal meitsje kinnen.

Yn de earste helte krige de thúsploech ek in geweldige kâns, mar fierder wiene de beide ferdigeningen baas op it fjild. Cambuur bliuwt sechsde op de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)