Gelderlân fynt earste ljipaai

05 mrt 2014 - 16:22
  • In broedsje ljipaaien

It earste ljipaai fan Nederlân is fûn yn Delwijnen, yn Gelderlân. In frijwilliger fan de fûgelferiening fûn it aai woansdei yn in stik greide by in buorkerij.

Lânskipsbehear Nederlân hat it aai kontrolearre en it is yndie in echt, farsk ljipaai. Neffens Lânskipsbehear is it wol betiid dit jier, want ferline jier waard it earste Nederlânske aai pas op 21 maart fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)