Geke Faber nei Wageningen

23 aug 2002 - 00:00

Ald-steatssiktaris Geke Faber fan lânbou wurdt yn septimber waarnimmend boargemaster fan Wageningen. Frou Faber ferfangt boargemaster Sala, dy't der mei ophâldt. Faber wie de lêste fjouwer jier steatssiktaris fan lânbou. Dêrfoar wie se boargemaster fan Zeewolde.

Dêrfoar siet se foar de PvdA yn 'e steaten fan Fryslân. Faber wennet yn Sânhuzen yn Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)