Geitsjes en kealtsjes moatte bern nei 'kokedei' lûke

23 sep 2015 - 11:52
  • Kokedei Warkum 2015
  • Kokedei Warkum 2015

De Feekeuringsdei yn Warkum is woansdeitemoarn úteinset. It is de 115e edysje. De dielname foar de feekeuring is dit jier tige goed. Der sille mear as 120 stiks fee keurd wurde. De feekeuringsdei wurdt ek wol 'kokedei' neamd.

Der binne dit jier ek kealtsjes en geitsjes te sjen. De organisaasje wol hjirmei mear bern nei de keuringsdei lûke. Neist de feekeuring, wurdt der woansdeitemiddei ek in konkoers hippyk hâlden yn it sintrum fan de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)