Geiten ûntspringe de dûns

12 jul 2001 - 00:00

Fiif geiten binne ûntkommen oan it romjen by de tongblierkrisis yn Ie en Eanjum. In hobbyboer yn Moarre brocht syn bisten flak foar de útbraak nei in oar bedriuw. De boer hat dat ferswijd foar de Algemiene Ynspeksjetsjinst.

It oare fee fan de boer is wol ôfmakke. Doe't de geiten twa wiken lyn weromkamen, kaam de AID der dochs noch achter. Mooglik wurde de bisten likegoed romme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)