Geitehâlderij slút doarren

08 apr 2003 - 00:00

De geitehâlderij fan PTC plus yn Oentsjerk giet ticht. Der binne te min kursisten. De oplieding hat der tweintich jier west. De pleats dêr't de geitehâlderij ynsit, wurdt meikoarten ferkocht.

De praktykskoalle, it eardere IPC Dier, moat besunigje om't it min giet yn de lânbousektor. Ferline jier waard bekend dat santjin wurknimmers dien krije. Under it personiel is der ûnrêst om't noch net bekend is wa't fuort moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)