Geitefokferiening hellet grutte skaakstikken út Stienwyk

01 jan 2015 - 13:20
  • Aldeberkeap

De geitefokferiening fan Aldeberkeap helle as âldjiersstunt in pear grutte skaakstikken út Stienwyk nei it doarp. De feriening hie it eins foarsjoen op it byldmerk 'I love Fryslân' yn Ljouwert, mar dat wie al ophelle troch de âldjiersploech fan Easterein.

De geitefokferiening wie sadwaande twongen om út te wiken nei 'Plan C'. Plan B, in mear spektakulêre stunt, stiet no foar de jierwiksel fan 2015/2016 op it programma. Yn it ferline helle de feriening opfallende saken nei it doarp, lykas de Olympyske ringen fan it stadion yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)