Geitebylden yn karantêne

28 des 2009 - 09:26
  • De geit fan Aldeberkeap krige sneintenacht in stek

De âldjiersferiening De Geitefok fan Aldeberkeap hat by wize fan stunt bylden fan geiten yn Nederlân yn karantêne pleatst. Om de bylden binne stekken set as ferwizing nei de maatregels dy't naam wurde om de fersprieding fan de Q-koarts foar te kommen. De Geitefok wol mei de âldjiersstunt boeren stipe jaan, no't de agraryske sektor opnij troffen wurdt troch in slimme sykte yn it fee.

Yn it eigen doarp is om it byld fan de geit in hok set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)