'Geheimhâldingsplicht skeind'

04 des 2012 - 15:21

Waarnimmend boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen wol dat der ûndersyk dien wurdt nei it skeinen fan de geheimhâldingsplicht. Oanlieding is in artikel yn de Streekkrant, dêr't de útslach fan 'e geheime stimming oer de nije boargemaster yn publisearre is. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma freget de ried dêr yn in brief opheldering oer.

Adema seit dat de gemeente it skeinen fan 'e geheimhâldingsplicht earnstich nimt en de saak dêrom ûndersykje litte wol. Hy seit ek dat er betrouwen hat yn it selsreinigjend fermogen fan de ried.

De ried fan Achtkarspelen komt tiisdeijûn byinoar om oer de saak te praten. Koartlyn waard bekend dat Gerben Gerbrandy de nije boargemaster fan Achtkarspelen wurdt. Yn de Streekkrant, in nijsblêd foar it Grinslanner Westerkwartier en de Fryske grinsgemeenten, stiet dat de gemeenteried net unanym wie oer de beneaming fan Gerbrandy: 16 fan de 21 riedsleden stimden yn mei syn foardracht. Oant de gemeenteried in beslút nimt oer it ûndersyk, wol Adema gjin neiere taljochting jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)