'Gegûchel mei dioxinesifers'

19 sep 2013 - 16:48

De Stifting Afvaloven Nee gûchelt mei ûndersykssifers en misbrûkt se foar syn eigen doel. Dat seit boereorganisaasje LTO Noord yn reaksje op it nijs dat der in ferhege konsintraasje dioxine oantroffen wêze soe by in boer yn Pitersbierrum. It soe neffens de stifting gean om in ferheging fan 32 prosint en soe komme troch de ôffâloven yn Harns.

Neffens LTO kloppet dat net. LTO docht al trije jier ûndersyk nei dioxine yn de molke fan boeren yn it gebiet. Dêrút blykt dat der gjin ferskil sit tusken de mjittingen foar en nei de komst fan de oven.

It ferskil yn wearde stelt boppedat neat foar, stelt LTO Noord. Der sit hast gjin dioxine yn molke en in groei fan 32 prosint op hast neat, is noch altyd hast neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)