Gefolgen staking falle ta

14 okt 2004 - 17:24

De gefolgen fan de staking yn it iepenbier ferfier yn Fryslân foelen ta. Der waarden in hânfol mear auto's ferhierd en taksy's ynskeakele.

Op guon skoallen wiene minder learlingen. Bygelyks by de festigingen fan de Friese Poort wie dúdlik te sjen dat de bern dy't fan bûten komme moatte thúsbleaun wiene. De lessen giene lykwols wol gewoan allegear troch om de bern dy't der wòl wiene net te dupearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)