Gefolgen droechte falle ta

10 maaie 2011 - 15:08
  • Neffens it wetterskip falt it noch ta mei de droechte

Neffens it Wetterskip jout de oanhâldende droechte noch net folle problemen foar de oanfier fan wetter. Allinnich op hegere sângrûnen steane guon sleatten droech.

Der is in tekoart oan delslach fan 125 milimeter. As dat tekoart oprint oant 150 milimeter wurde de feankaden kontrolearre. It Wetterskip tinkt dat dat nije wike safier is. Boeren meie it lân noch bereine mei wetter út de sleatten. It wetterpeil wurdt op hichte hâlden mei Iselmarwetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)