Gefoelstemperatuer oant -20

08 mrt 2013 - 11:20
  • In Arrivabus yn it winterwaar

Waarman Pyt Paulusma warskôget foar it winterwaar dat kommendeweis is. Dit wykein komt út it easten en noardeasten kjeld nei ús provinsje. It begjint sneontenacht. Troch de lege temperatueren en de hurde eastewyn fielt it tige kâld oan. Yn de nacht fan snein op moandei leit de gefoelstemperatuer op -15 oant -20 graden.

De hiele perioade falt der snie en nachts friest it licht oant matich. Dat kin foar oerlêst soargje yn it ferkear. Tiisdeitenacht en woansdei is it eefkes wat minder kâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)