'Gefoel ûnfeiligens oanpraat'

13 jan 2003 - 00:00

De âlderein fielt har hielendal net sa ûnfeilich as faak sein wurdt. Dat die moandei bliken op in gearkomste foar âldere leden fan de PvdA op it Hearrenfean. De eardere Drachtster plysjesjef Straub hold dêr foar 120 minsken in ferhaal oer senioaren en feiligens. Straub is kandidaat foar de Twadde Keamer foar de PvdA.

Neffens de âlderein wurdt it gefoel fan ûnfeiligens har oanpraat. It ûnderwerp hâldt ferbân mei de hiele befolking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)