Gefaarlikste plak Skarsterlân

06 sep 2010 - 19:23
  • Skarsterlannieuws.nl is op syk nei it gefaarlikste plak fan Skarsterlân

De website skarsterlannieuws.nl is op syk nei it gefaarlikste plakje fan Skarsterlân. Fan freed ôf kin elke ynwenner fan de gemeente in plak nominearje. Dan giet it om bygelyks skerpe bochten of ûnoersichtlike krusings.

Fan heal oktober ôf kinne de ynwenners stimme op de fiif meast neamde plakken. Yn Skarsterlân is in soad diskusje oer ferkearsfeiligens. Foaral de rotonde fan De Jouwer is ûnderwerp fan dy diskusje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)