Gefaarlike situaasje Hôfplein

31 aug 2009 - 11:54

It wachtsjen is op it earste deadlike ûngemak as de ferkearssituaasje op it Hôfplein yn Ljouwert net oanpast wurdt. Dat sizze de ûndernimmers en bewenners yn de buert fan it plein.

Sûnt trije jier is de strjitte dêr oars ynrjochte en kinne automobilisten maklik in rûntsje ride foar de terrassen op it Hôfplein del om dan mei gefaarlike snelheid de Iewâl út te racen. Nei't boargers trije jier lang klachten yntsjinne hawwe, sil it CDA no fragen stelle oan it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)