Gefaarlike grûn op 22 plakken

24 feb 2012 - 17:22

Op 22 plakken yn de provinsje Fryslân is de grûn of it wetter sa bot fersmoarge dat it gau oanpakt wurde moat. De rekkenkeamer hat dêr grutte soargen oer, mar op de kritike lokaasjes meitsje omwenners harren net al te drok.

Ien fan dy plakken is in terrein njonken it Sjûkelân. Dêr hat in gasfabryk stien. Yn it sintrum fan Harns soarget in eardere gemyske waskerij foar bot fersmoarge grûn. Yn in oar gefal wit de provinsje al 25 jier dat de grûn op in plak fersmoarge is en al dy tiid is der neat bard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)