Gefaarlike bestjoerders oppakt

03 jul 2006 - 17:22

Twa autobestjoerders fan 22 jier moasten sneintemiddei harren rydbewizen ynleverje, omdat se tige agressyf en ûnfeilich rieden. Beide manlju raceten troch Wolvegea rjochting Noardwâlde.

Dêrby hellen se gefaarlik yn. De manlju brûkten de bermen om fuotgongers, fytsers en oare autobestjoerders foarby te gean. Yn Noardwâlde koe de plysje de twa oan 'e kant sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)