Gefaarlike bestjoerder foar Hôf

19 feb 2002 - 00:00

Tsjin in Dokkumer is tiisdei foar it Gerjochtshôf yn Ljouwert 18 moannen sel en 3 jier rydûntsizzing easke. De man feroarsake ferline jier in deadlik ûngemak op de Lauwersseewei by Ryptsjerk. Twa suskes kamen om doe't de man besocht yn te heljen. Ien fan de suskes wie yn ferwachting.

De advokaat pleite foar in wurkstraf. De rjochter docht 5 maart útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)