Gefaarlik krúspunt oanpakt

22 sep 2014 - 11:22
  • It gefaarlike krúspunt

De gemeente Smellingerlân sil it krúspunt fan de Noardkade, de Raai en de Noarder- en Suderdwersfeart yn Drachten feiliger meitsje. De gemeente wol dúdliker oanjaan hoe't minsken inoar kruse moatte. Ek komme der dykfersmellings, sadat minsken stadiger op it krúspunt oanriden komme. It krúspunt stiet yn de top tsien fan meast gefaarlike ferkearsplakken fan Nederlân, bekendmakke troch NU.nl.

Benammen de grutte ferkearsdrokte soarge hjir foar in soad oerlêst. Dizze drokte waard feroarsake troch de ferbouwing fan it Riedhúsplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)