'Gefaarlik gedrach by spoar'

20 feb 2003 - 00:00

Ferfiersmaatskippij Noordned makket him grutte soargen oer it tal minsken dat op of by it spoar rint. Soks kin ta nuodlike situaasjes liede. It tal oanridings en gefallen wêrby't it krekt goed giet, is it lêste jier eksplosyf omheech gien.

Yn Grinslân en Fryslân wiene yn 2001 fjouwer fan sokke ûngelokken. Yn 2002 wiene dat 22. De measte gefallen dogge harren foar op it baanfak tusken Ljouwert en Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)