Gefaarlik ferkear by skoallen

11 jan 2013 - 10:04
  • Brede skoalle yn Akkrum

De ferkearssituaasje by de brede skoallen yn Grou en Akkrum is ûnfeilich. Beide skoallen binne dizze wike foar it earst iepen. Alden fan de bern kleie oer te drokke parkearterreinen, te smelle paadsjes foar tefolle minsken en gefaarlike oerstekplakken foar de bern.

Yn Grou stiet de skoalle oan de Jongema. Dêr binne parkearproblemen en der is gjin strjitferljochting. De skoalle yn Akkrum stiet oan de Boarnsterdyk, flakby in rotonde dêr't in protte ferkear nei de grutte dyk oerhinne rydt. Bern út Akkrum moatte dy dyk twa kear oerstekke.

Alden hawwe it oer in gefaarlike en ûnoersichtlike tastân. Wethâlder Jager fan Boarnsterhim seit dat de sitewaasje foarôf goed besjoen is en dat it foar alle minsken noch even wennen is. Mar alle problemen sille yn kaart brocht wurde, en wurde as dat nedich is ek oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)