Gefaar troch koperstellerij

29 aug 2012 - 10:37
  • Koper

Ut in leechsteande pleats oan de Ivige Leane yn Loaiïngea is tiisdeitenacht koper stellen. De ynbrekker is útnaaid mei koperen wetterliedingen, gasliedingen en stroomtried. Omdat it gas en it wetter op it stuit fan de stellerij noch oansletten wienen, ûntstie der in brângefaarlike situaasje.

In feehâlder dy't alle dagen by de pleats komt omdat er der fee stean hat, ûntduts de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)