Gefaar troch dronken kapitein

16 jan 2006 - 15:08

De dronken bemanning fan in frachtskip út Oekraïne hat libbensgefaarlike kaprioalen úthelle yn de haven fan Harns. It mear as 100 meter lange skip soe sneontejûn fuort, doe't de kapitein krekt op tiid dronken oan board kaam.

Wylst it skip noch fêstsiet oan de kade begûn it ynienen fuort te farren wêrtroch de trossen knapten. Dêrtroch kamen minsken oan 'e wâl yn gefaar. It skip is no oan de ketting lein. Der komt in ûndersyk nei de gong fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)