Geeuw-akwadukt goedkeaper

01 feb 2007 - 16:52
  • It djipste punt fan it akwadukt

De provinsje besparret 18 miljoen euro op de oanlis fan it akwadukt ûnder de Geeuw by Snits. Dat sei deputearre Baas tongersdei by it berikken fan it djipste punt, 13 meter.

It budzjet waard yn 1999 fêststeld op 32 miljoen euro. Mar it kin folle goedkeaper. Dat komt foaral troch ekstra subsydzjes en trochdat de kosten goed yn de hân hâlden wurde. It folsleine projekt kostet 80 miljoen euro en moat takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)