Geert Wilders nei Fryslân

11 maaie 2005 - 09:56

Politikus Geert Wilders komt nije wike freed nei Fryslân. Wilders docht dat yn it ramt fan syn bustoer troch Nederlân tsjin de Europeeske grûnwet. Jûns is Wilders te gast yn it Omrop Fryslân-televyzjeprogramma Faktor Freed.

Wilders wie de ôfrûne tiid yn it nijs, omdat er nei bedrigings ûnderdûke moast. Dat wie neidat er de útgongspunten foar syn eigen partij bekend makke hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)