Geert Wilders docht oanjefte tsjin Drachtster bedriger

26 feb 2016 - 15:45
  • Geert Wilders PVV
  • De driichtweet oan Wilders

PVV-lieder Geert Wilders docht oanjefte tsjin de man út Drachten dy't him tongersdei op Twitter mei de dea bedrige. Dat hat er freedtemiddei sein. Wilders docht altiten oanjefte fan bedriging mei geweld en dea, seit er. Skellerij en misledigingen lit er gewurde.

De man út Drachten hat himsels freedtemoarn by de plysje melden. Dy hat him heard en proses-ferbaal opmakke en doe wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)