Geert van Tuinen giet op syk nei Geerten

29 jan 2015 - 14:22
  • Geert van Tuinen

Hy is ien fan de smaakmakkers yn it programma Boer Zoekt Vrouw. Boer Geert út Mussel, dy't in protte argewaasje opropt mei de wize wêrop't hy omgiet mei de trije froulju dy't by him útfanhûs binne. Benammen op sosjale media krijt Geert der fan lâns. Dêr neame se him al Geile Geert.

Us eigen Geert (van Tuinen) dûkt tongersdeitemiddei yn it fenomeen Boer Zoekt Vrouw. Hy sil op besite by boer Gerrit Luimstra yn Kollumerpomp, dy't yn 2006 meidie oan it programma. Ek sjoernalist Nynke de Jong jout har miening.

Omrop Fryslân is op syk nei alle mannen dy't Geert hjitte en lest hawwe fan harren nammegenoat út Boer Zoekt Vrouw. Dizze Geerten kinne fan 'e middei tusken 17.15 en 17.30 oere belje op 058 212 36 18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)