Geert Mak krijt Gouden Ganzenveer foar folsleine oeuvre

16 apr 2015 - 18:31
  • Geert Mak wint Gouden Ganzenveer

Skriuwer Geert Mak, bekend fan ûnder oare it boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd' hat tongersdei yn Amsterdam de Gouden Ganzenveer krigen foar syn folsleine oeuvre. De priis wurdt alle jierren útrikt oan in persoan dy't in soad foar it printe wurd betsjutten hat.

Mak debutearre yn 1992 en skreau ferskate bestsellers lykas 'De Eeuw van mijn Vader' (1999) en 'In Europa' (2004). Foar syn boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd' (1996) wenne Mak in skoft yn it doarp om ynspiraasje op te dwaan oer de teloargong fan de Europeeske boerekultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)