Geert Kuiper bliuwt by TVM

08 apr 2002 - 00:00

Geert Kuiper hat dit wykein syn kontrakt mei TVM mei in jier ferlingd. Kuiper sil de sprinters yn 'e ploech traine, haadcoach Gerard Kemkers de allrounders. Oant no ta hat TVM mar twa sprinters ûnder kontrakt: gouden medaljewinner Gerard van Velde en Andrea Nuyt.

Kuiper hat alle betrouwen yn 'e gearwurking. Hy rekkenet der op dat der noch in pear sprinters bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)